projektoj - programma’s - projecten - programmes - projects

Nanne & Ankie

 
 

Eltse 3 jier wurdt der op ‘e Harkema in iepenloftspul opfierd.

Yn septimber fan 2011 fûn dat foar de tredde kear plak.

Nei de súksesfolle foarstellingen ‘Eye Wykstra’ en ‘Tabak’,

waard no it stik ‘Simke’ oer de fuotljochten brocht.

It stik - dat giet oer it libben fan de Fryske dichteres Simke Kloosterman -

wie skreaun troch Baukje fan Hijum en waard krekt lyk as de foarige twa stikken, ynstudearre ûnder regy fan Tineke Broers. 

En ek dizze kear waard de muzyk fersoargje troch Nanne & Ankie.

Septimber 2011: ‘Simke’, iepenloftspul op ‘e Harkema,

mei muzyk fan Nanne & Ankie

Bij de foarstellingen fan Simke wie in programmaboekje te keap foar € 1, --

Elts dy‘t dit programmaboekje kocht, krige der fergees in CD bij.


Op dizze CD steane 2 titels: 


1 - Simke de Muzyk

     in kollaazje fan tema’s, meldijtsjes en lietsjes

     út de foarstelling ‘Simke’


2 - Wylde Fûgel

     it slotliet út de foarstelling ‘Simke’


(klik ûnder de ôfbylding om ‘Wylde Fûgel’

te belústerjen en hjir foar de tekst)