It Smûzers Alfabet t. It Dichters-kollektyf ‘Liet 13’ / m. Nanne Kalma
Op 3 septimber 2009 waard ‘It Smûzers Alfabet’ presintearre, de nije rymposter fan Stichting
It Fryske Berneboek, makke troch Yke Reeder.
Tidens dy presintaasje yn de spekjesfabryk fan Frisia te Harns, waard ek foar de earste kear de folsleine tekst song fan it liet ‘It Smûzers Alfabet’ troch
Nanne & Ankie mei help fan alle oanwêzige bern.
Yke Reeder makke al earder de yllustraasje
foar de foarkant fan de Smûzje’-CD fan
‘Nan’n Ankie’, de CD dêr’t de oerferzje fan
‘It Smûzers Alfabet’ opstiet: ‘Liet 13’.
!!! Alle op dizze side steande ynformaasje - opname, yllustraasjes, noatenbyld, tekst -
mei fergees ‘downloaden’ wurde troch dyjingen dy’t bij steat binne dat te dwaan!!!
Bij gebrûk graach wol altyd namme fan de yllustratrise en dy fan de skriuwers fermelde.
Dizze opname fan ‘It Smûzers Alfabet’ sil ek komme te stean op de nije CD ‘Moai mei dij’ fan Nanne & Ankie, dêr’t op dit stuit oan wurke wurdt en dy’t mei koarten ferskine sil.
De opname is ek te belústerjen op de site fan Stichting It Fryske Berneboek.
NB De tekst fan ‘It Smûzers Alfabet’ waard makke troch It Dichters-kollektyf 'Liet 13', besteande út
Nanne & Ankie + likernôch 75 dichters en dichteressen fan de basisskoallen 'It Partoer' yn Burgum,
'Op 'e Trije' yn Ferwert, 'De Krunenstrobbe' yn Jorwert, de 'Prof. Wassenberghskoalle' yn Lekkum
en de 'Trije Doarpenskoalle' yn Reduzum.