IROLT  1975-2015

 

In moai soarchfuldich oersjoch oer Irolt, mei in soad nammen en sifers is te finen yn it artikel:


                                                                   Talint, Tafal en Talis

                                                                   Irolt; folkgroep yn Fryslân 1975-1987

                                                                   Dit artikel waard yn 1994 skreaun

                                                                   troch Beart Oosterhaven as ynlieding yn

                                                                   'Irolt - ier of let - It Boek'.    (sjoch fierderop)

Foar de gelegenheid wurde ek in pear nije opnames makke, dy't op in mini-CD ferskine sille.

Ien fan de lieten is 'Ik wit it noch'.

Nanne groeide op yn Ljouwert. Hij wit noch hoe't se yn de jierren 50 mei har draken boarten.

Op in bepaald stuit waard dat ferbean yn ferbân mei de fleanbasis. Nanne hearde dat pas yn de jierren 70. Hij wie fassinearre troch it feit dat selsmakke, papierren berne-boartersguod bedriigjend wêze soe foar dy masjines dy't ús beskermje moasten tsjin de doetiidske fijân. Fanôf dat momint woe hij oait noch ris wat dwaan mei dat tema. Dat momint kaam yn 1987, doe't Irolt stoppe en Nanne en Ankie yn it Esperanto begûnen te sjongen. Nanne frege oan Jaap Duijs om de tekst te meitsjen fan 'Mi memoras' in liet dat giet oer dat draakjefleanen en einiget mei de oprop oan alle bern om draken te meitsjen en de loft dêrmei te bedekken. Ek waard de nije Esperanto groep 'Kajto' (draak) neamd.


Troch de sitewaasjes yn 'e wrâld op ‘t stuit (2015) libbe bij Nanne it idee om dit liet út de kaanferballen te heljen en oer te setten yn it Frysk.

Op syn fersyk hat Pyt Jon Sikkema de oersetting makke, no mei de titel: 'Ik wit it noch'.


    'Ik wit it noch'-slot:

    Dat ik freegj’ oan alle bern op hiel de ierde:

    meitsje fûgels by it soad, fan papier;

    ferjei alle fleanende aaklikheden;

    litt' wy bedekke de loft mei wapens fan frede: ús draken ...

Irolt - Ik wit it noch

En no - yn 2015 - komt der in nije rige reuny-konserten oan.

Dit neijier is it 40 jier ferlyn dat de LP 'De Gudrun Sêge' ferskynde en ...

alle eardere Irolt-leden binne der noch en goed sûn: reden genôch foar in feestje.

De Irolt-formaasje dy't de reuny-konserten fersoargje sil, is de selde as dy dy't yn 1987 it ôfskieds-konsert joech en bestiet út: Ankie van der Meer, Gjalt Bosma, Hans Kerkhoven, Inez Timmer, Jan Ottevanger, Nanne Kalma en Sijtse Wagenmakers oanfolle mei Aart Kuijt, Irolt-sjonger fan it earste oere. 

    De nammen fan de muzikanten, fan de tekstskriuwers en fan de minsken dy't de sluven

    foar de LP's makken - se wurde hjir net neamd: men kin der oer lêze yn it treflike,

    boppeneamd artikel fan Beart Oosterhaven, lykas oer de besettingswikselingen,

    de projekten en tal fan sifers en konklúzjes.                                          (sjoch fierderop)

Yn 1987 stoppe Irolt. It ôfskieds-konsert waard jûn op 'Tsjoch 10' yn Snits.

Lykwols, it blike noch net it echte ein te wêzen.

Yn 1994 waarden mei de titel 'Irolt - ier of let' twa reuny-konserten fersoarge yn Ljouwert, ien yn 'Theater Romein' en ien yn 'De Koperen Tún'. De reuny waard ek brûkt om - mei de selde titel - in boks mei 4 CD's te presintearjen en ek in boek mei dêryn, yn noatebyld, alle lieten fan Irolt. Op de 4 CD's stiet alle muzyk fan de 7 LP's, oanfolle mei noch wat oare, bisûndere opnames lykas de opname fan 'Boelguodsdei' troch Irolt mei it Frysk Orkest. Ek waarden der noch in pear nije ferskes opnaam dy't lizzen bleaun wienen.

    Mear ynformaasje oer 'Irolt - ier of let' kin men lêze yn it foaropwurd fan it boek

    'Irolt - ier of let - It Boek' troch Nanne Kalma.                                  (sjoch fierderop)

It wie yn earsten net de bedoeling om konserten te jaan mar al gau kaam dêr wol fraach nei.

Mei de grutte 'studio-groep' ha se mar in pear konserten fersoarge.

Yn lyts ferbân - Nanne en Inez as duo, mei Hans derbij as trio en letter as kwartet met Hans en Geppy - begûn Irolt wol op te treden, mear en mear.

Net allinnich yn Fryslân mar ek yn oare provinsjes, foaral in soad yn Brabân.

Der waard spile yn folk-clubs, doarpshûzen, op kofjekonserten en foar kulturele kommisjes.

Irolt waard útnoege op te treden op de grutte folkfestivals yn Dordrecht, Arnhem, De Doelen yn Rotterdam, Vredenburg yn Utrecht en ek op grutte festivals yn it bûtenlân, lykas it Sphinx Festival bij Antwerpen en de festivals yn Sydmouth en Bracknell yn Ingelân.

Wobbe van Seijen hie wol fertrouwen yn it projekt en bea oan om de studio te beteljen en de plaat út te bringen. Mei in pear befreone muzikanten: Hans Kerkhoven, Aart Kuijt, George Snijder en Geppy Haarsma hawwe Nanne en Inez dy plaat doe opnommen yn de Mirasound Studio yn Wijhe.

Yn de hjerst fan 1975 ferskynde de plaat mei de titel 'De Gudrun Sêge'.

As artyste-namme wie keazen foar de groepsnamme 'Irolt'. 

Oer Irolt

Irolt begûn yn 1975 as in studio-projekt fan Nanne Kalma en Inez Timmer. Tegearre woenen se in LP meitsje mei Frysktalige lieten yn 'Folk-Rock' styl. Dêrfoar gaadlike, besteande Frysk-talige ferskes koenen se net fine. Dêrom besluten se om it repertoire sels te skriuwen.

Se fûnen in tal befreone tekstskriuwers ree om har te helpen mei de teksten.

En sa waarden de earste teksten foar har skreaun troch Jan Tulp, Sybe Krol en Herke Wijnalda.

Nanne sette dizze teksten op muzyk.